| FRISONE OCCIDENTALE [2]/ WEST FRISIAN [2]
|
DE YNTERNASJONALE | DE YNTERNASJONALE |
| |
Oerein, ferflokten fan de ierde, | Oerein! Unmachtigen fan ierde, |
Oerein, úthong’re rap en rút. | Oerein! Wy binne't langer sêd, |
It rike rosmos moat no bliede | En forset jim tsjin hwat oaren liede, |
Syn poeha is glüpend út. | Mar kom har biwapene oer't mêd. |
Lit de takomst oer’t hjoeddelske blinke, | Dien binn' alle ûnderdrukkingtinzen, |
Sloof en slaaf, oerein, oerein! | Oerein nou, slaven fan't kaptael, |
d‘ Alde wráld dy moat fersinke, | Wy woll' libje yn ús eigen grinzen |
‘n Nije tiid is ús tasein. | en brûke nou ús eigen tael. |
| |
Bliuw op koerts, net ófdwale, | Maten fan alle talen, |
‘t Doel is klear, ‘t paad leit sljocht. | Yn de slach tsjin oerheit, |
De Ynternasjonale | En foar d'Ynternasjonale |
Docht elkmis lyk en rjocht. | Yn solidariteit! |

De steat ferdrukt, de wet is leagen. | De steat fordrukt, de wet es leagen, |
Rykdom skyt yn rykdoms pot. | De rikerts brûke it regear. |
It rjocht leit bleat foar wyn en weagen | Sa wurdt ûnrjoocht stees ta rjocht forhege, |
Fan it hearskjend wanbewäld. | Earmoed waekst noch jimmer mear. |
Mar dat ‘s út, it sil oarsom beteare, | Wy binne't sêd nei oarmans wil to libjen, |
Rjocht krijt nimmen om ‘e nocht. | Maten sjoch hoe't de striid oeral baernt. |
d‘ Potentaat moat omstean leare: | Foar in takomst sill' wy nou stribje |
Wa’t syn plicht docht, dy hat rjocht. | Dy't de minske noch net aent. |
| |
Bliuw op koerts, net ófdwale, | Maten fan alle talen, |
‘t Doel is klear, ‘t paad leit sljocht. | Yn de slach tsjin oerheit, |
De Ynternasjonale | En foar d'Ynternasjonale |
Docht elkmis lyk en rjocht. | Yn solidariteit! |
Bliuw op koerts, net ófdwale, | Maten fan alle talen, |
‘t Doel is klear, ‘t paad leit sljocht. | Yn de slach tsjin oerheit, |
De Ynternasjonale | En foar d'Ynternasjonale |
Docht elkmis lyk en rjocht. | Yn solidariteit! |
| |
Ferwachtsje neat fan pommeranten, | Foar oarloch litt' wy ús net brûke, |
Fan kening, god of presidint. | Wy hawwe sels in oar bilang, |
Arbeiders – jimme! – set de spanten | Wy kinn' sels ús eigen wein wol lûke |
Fan it nije firmamint. | En de hearskers meitsje ús net bang. |
d‘ Ierde gappet happend nei de siken, | Wy kinn' sels bitinke en kedize, |
Gryp de käns, oars krij jim spyt. | Wy ha't waskjen fan ús brein wol troch. |
Weevje öf mei d‘ älde liken. | Wy sill' sels ús eigen maetskip kieze: |
Smei it izer, it is hyt. | Fan de âlde hawwe wy ús nocht. |