L'Internationale
Eugène PottierFRISONE OCCIDENTALE [4] / WEST FRISIAN [4] | |
DE YNTERNASJONALE Kom op, ferskopten dy't wy binne dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk. Wy, dy't allinne neat bigjinne, meitsje meiinoar de rekken lyk. Fierstemin noch hawwe wy te sizzen, en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael. Ferdom it langer krûm te lizzen foar dat ferrekte kapitaal! Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier Dat troch d'Ynternasjonale Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd. Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier. Dat troch d'ynternasjonale Wy minske binn' op ierd. | DE YNTERNASJONALE Wëz wach, jim dy't yet dildzje en slomje! Wëz ien, dy't langje nel it ljocht! Lit ta broerskip jim it hert forromje Yn de gläns, fen de striid ús brocht. Lit it nije libben ús trochstreame, Wel hwat ús oan nacht yet bynt: Al klearder priel't de tiId'ne seame Om't djip yn ús de dage skynt Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! Nij witten ljochte for ús herten, Wy brekke minsk'ne skiedings wel, Ut 'e tsjustre steapel fen de smerten Wekke ús wil ta it ljocht de Dei. Neat scil ús as frjemden mear fordiele, Hwent de striid hat ta ien ús wijd: Hwa't dër de swide krëft fen fiele Bin ienris en forgoed bifrijd Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! De minskheit ropt ús om to striden For 't heechste langjen fen hjar hert: En it Ryk dal ljochtet oer ús tiden Bouwe wy nei hjar iiv'ge wet. Lit de driuw fen ljeafde den ús liede, En as broerren bistean wysels, En stiftsje yn striid en krêft fen dieden De mienskip, ien en lyk for elts! Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! |