Langue   

L'Internationale

Eugène Pottier
Page de la chanson avec toutes les versions


FRISONE OCCIDENTALE [4] / WEST FRISIAN [4]
DE YNTERNASJONALE

Kom op, ferskopten dy't wy binne
dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk.
Wy, dy't allinne neat bigjinne,
meitsje meiinoar de rekken lyk.
Fierstemin noch hawwe wy te sizzen,
en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael.
Ferdom it langer krûm te lizzen
foar dat ferrekte kapitaal!

Al fernimt men 't mar kwalik,
Hjoed of moarn is 't sa fier
Dat troch d'Ynternasjonale
Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd.
Al fernimt men 't mar kwalik,
Hjoed of moarn is 't sa fier.
Dat troch d'ynternasjonale
Wy minske binn' op ierd.
DE YNTERNASJONALE

Wëz wach, jim dy't yet dildzje en slomje!
Wëz ien, dy't langje nel it ljocht!
Lit ta broerskip jim it hert forromje
Yn de gläns, fen de striid ús brocht.
Lit it nije libben ús trochstreame,
Wel hwat ús oan nacht yet bynt:
Al klearder priel't de tiId'ne seame
Om't djip yn ús de dage skynt

Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!
Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!

Nij witten ljochte for ús herten,
Wy brekke minsk'ne skiedings wel,
Ut 'e tsjustre steapel fen de smerten
Wekke ús wil ta it ljocht de Dei.
Neat scil ús as frjemden mear fordiele,
Hwent de striid hat ta ien ús wijd:
Hwa't dër de swide krëft fen fiele
Bin ienris en forgoed bifrijd

Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!
Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!

De minskheit ropt ús om to striden
For 't heechste langjen fen hjar hert:
En it Ryk dal ljochtet oer ús tiden
Bouwe wy nei hjar iiv'ge wet.
Lit de driuw fen ljeafde den ús liede,
En as broerren bistean wysels,
En stiftsje yn striid en krêft fen dieden
De mienskip, ien en lyk for elts!

Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!
Maten, moed en bisieling,
Yn de striid sterk en ien,
De dei riist fen dy strieling,
Oer alle folken gien!


Page de la chanson avec toutes les versions

Page principale CCG


hosted by inventati.org