Language   

L'Internationale

Eugène Pottier
Back to the song page with all the versions


FRISONE OCCIDENTALE [3] / WEST FRISIAN [3]
DE YNTERNASJONALE

Oerein! Unmachtigen fan ierde,
Oerein! Wy binne't langer sêd,
En forset jim tsjin hwat oaren liede,
Mar kom har biwapene oer't mêd.
Dien binn' alle ûnderdrukkingtinzen,
Oerein nou, slaven fan't kaptael,
Wy woll' libje yn ús eigen grinzen
en brûke nou ús eigen tael.

Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!
Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!

De steat fordrukt, de wet es leagen,
De rikerts brûke it regear.
Sa wurdt ûnrjoocht stees ta rjocht forhege,
Earmoed waekst noch jimmer mear.
Wy binne't sêd nei oarmans wil to libjen,
Maten sjoch hoe't de striid oeral baernt.
Foar in takomst sill' wy nou stribje
Dy't de minske noch net aent.

Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!
Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!

Foar oarloch litt' wy ús net brûke,
Wy hawwe sels in oar bilang,
Wy kinn' sels ús eigen wein wol lûke
En de hearskers meitsje ús net bang.
Wy kinn' sels bitinke en kedize,
Wy ha't waskjen fan ús brein wol troch.
Wy sill' sels ús eigen maetskip kieze:
Fan de âlde hawwe wy ús nocht.

Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!
Maten fan alle talen,
Yn de slach tsjin oerheit,
En foar d'Ynternasjonale
Yn solidariteit!

DE YNTERNASJONALE

Kom op, ferskopten dy't wy binne
dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk.
Wy, dy't allinne neat bigjinne,
meitsje meiinoar de rekken lyk.
Fierstemin noch hawwe wy te sizzen,
en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael.
Ferdom it langer krûm te lizzen
foar dat ferrekte kapitaal!

Al fernimt men 't mar kwalik,
Hjoed of moarn is 't sa fier
Dat troch d'Ynternasjonale
Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd.
Al fernimt men 't mar kwalik,
Hjoed of moarn is 't sa fier.
Dat troch d'ynternasjonale
Wy minske binn' op ierd.


Back to the song page with all the versions

Main Page

Note for non-Italian users: Sorry, though the interface of this website is translated into English, most commentaries and biographies are in Italian and/or in other languages like French, German, Spanish, Russian etc.




hosted by inventati.org